Haven Skylge ek ûnder wetter

09 nov 2007 - 07:20

It haventerrein op Skylge is freedtemoarn ek ûnder wetter kaam te stean. Tongersdei is it terrein al ûntromme.

Op de Willem Barendtzkade stiet bûtendyks ek in oantal huzen. Dy binne lyk as op Flylân mei sânsekken beskerme tsjin it seewetter. Utsein it hege wetterpeil binne der op Skylge gjin problemen mei de stoarm. Dat komt omdat de wyn net sa hurd is as ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)