Haven Nijetrine net populêr

16 jun 2010 - 14:13
  • Der lizze mar in bytsje boaten yn de nije haven (foto: Lenus van der Broek)

De gemeente Weststellingwerf en de provinsje wolle witte wêrom't de passantehaven by Driewegsluis mar in bytsje brûkt wurdt. De haven mei 40 plakken is ferline jier oanlein en beskikt oer húskes, dûsen en elektrysk.

Dochs lizze der net folle boaten. Dat hat mooglik te krijen mei it feit dat der no betelle wurde moat. Dat wie yn it ferline net sa. Doe wie it altyd drok mei boaten. In soad boatsjeminsken leine der bytiden wiken it hiele seizoen sûnder te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)