Haven by Nijetrine kin los

26 nov 2008 - 21:11

De passantehaven by de slûs fan Nijetrine kin der komme. De Raad van State hat juster de beswieren fan twa omwenners ôfwiisd en dêrmei binne alle fergunnings oanwêzich om de haven oan te lizzen. De rjochter fûn dat de omwenners te fier fan de haven ôfwenje om lêst te hawwen fan de passantehaven.

De gemeente wol no mei faasje los, sadat de haven foar it nije wettersportseizoen klear wêze kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)