Haven Lauwerseach wurdt foar 3 miljoen euro opknapt

30 apr 2015 - 21:00
  • Kotters yn de haven fan Lauwerseach

De haven fan Lauwerseach wurdt foar trije miljoen euro opknapt. De Europeeske Kommisje hat dêrfoar subsydzje ferliend. Foar dat bedrach wurdt ûnder oare de kade ferlingd. Dat is nedich foar de garnalefiskers. Dy krije aanst mear oanlisplakken en ek mear fasiliteiten om te laden en te lossen en om it skip skjin te meitsjen.

Mar net allinnich de kade wurdt oanpakt. Ek de jachthaven foar plezierboaten wurdt opknapt. En der komt in driuwend platfoarm foar de rekreaasjefiskerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)