"Haven Lauwerseach ferdwynt as polityk neat docht"

09 okt 2015 - 20:05
  • De haven fan Lauwerseach

As de polityk neat docht dan is it dien mei de haven fan Lauwerseach. Dat seit de wurkgroep Exploitatie Haven Lauwersoog. De haven is neffens de wurkgroep hieltyd dreger te berikken foar skippen. Dit soe komme troch de fersâning fan it Westgat. Hjirtroch wurdt it hieltyd stiller yn de haven.

De wurkgroep hat noed oer wat dat betsjutte sil foar de takomst. Want as der neat bart, binne se benaud dat de fiskôfslach en allerhande bedriuwen dy't dêrmei gearhingje, wolris oer de kop gean kinne.

De wurkgroep hat no in enkête útjûn ûnder fiskers om te witten te kommen wêrom't se de haven hieltyd faker mije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)