Haven Harns yn hjerst 'feilich'

05 jul 2004 - 16:09

Harns hopet fan 't hjerst it feilichheidsplan foar de haven op oarder te hawwen. Dat seit boargemaster Arlman. It plan is nedich foar de nije Europeeske regels foar de bestriding fan terrorisme. Dy geane op 1 july yn.

Ferline wike waard bekend dat mar trije fan de acht bedriuwen yn de haven op dit stuit oan de easken foldogge. Ek de gemeente hat de saken noch net foar inoar. Foaral de ôfsluting fan de iepenbiere kade is in probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)