Haven Harns ferliest omset

24 jan 2014 - 16:14
  • Haven Harns by nacht

De haven fan Harns hat foarich jier in mindere omset hân. De totale oerslach fan guod rûn yn 2013 mei fjouwer persint werom. Dat stiet yn it jierferslach. De oerslach mei seeskippen wie krekt wat heger, ien persint. Dat kaam foaral troch de oerslach fan sâlt en sân.

Yn de binnenfeart siet de grutste delgong fan acht persint, sawol yn it tal skippen as yn tonnaazje. Der kamen foarich jier mear lossende Noardseekotters nei Harns, mar it tal passanten dat mei de brune sylfloat nei de haven kaam, rûn werom mei fjouwer persint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)