Haven Gytsjerk folslein opknapt

03 sep 2002 - 00:00

Gytsjerk hat wer in folweardige haven. Mear as 25 jier wie de takomst fan de besteande haven ûnwis. It wie net dúdlik oft de eigner de boel ferkeapje of ferhiere woe. Dit jier koe in stichting de grûn en it wetter keapje.

De haven is fan 't simmer opknapt. Der is nij wâlhout kaam, in part fan de kaai is fernijd en der binne steigers makke. Sneon is de offisjele iepening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)