Haven Flylân strûpt ûnder

09 nov 2007 - 06:53

De stoarm falt dan wat ta, mar it wetterpeil wurdt wol hieltyd heger.

Op Flylân is de haven freedtemoarn al ûnderstrûpt. It wetter stiet yntusken tsjin de muorkes by de wenten yn haven, dy't net beskerme wurde troch de coupure en de seedyk. It wetter stiet der sa'n 30 sentimeter heech. Om 08.15 oere hinne wurdt it heechste peil fan sa'n 2,80 meter oant 2,90 meter ferwachte. It terras fan Hotel Zeezicht is ek ûnderstrûpt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)