Haven Aldtsjerk weriepene

21 apr 2012 - 16:13

Yn Aldtsjerk is sneon de haven weriepene. Der stiet in nij toiletgebou en der binne ekstra oanlisplakken foar passanten. De opknapbeurt is ûnderdiel fan it better befarber meitsjen fan de noardlike alvestêderûte. It is no mooglik om fia Aldtsjerk ek de Fryske Wâlden mei de boat te berikken. Doarpsbelang Aldtsjerk hopet dat de nije haven foar ekstra bedriuwichheid soargje sil yn it doarp. De oanlis fan in rekreatyf mar oan de noardkant moat dêr by helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)