Havankpockets wer yn ´e hannel

30 jun 2008 - 12:25

De boeken fan Havank binne fan oktober ôf wer beskikber. Utjouwerij Bruna is fan doel om tagelyk mei it ferskinen fan de nije Havank fan Tomas_Ross ek alle oare 54 dielen wer oan te bieden.

Havank is it pseudonym fan de út Ljouwert ôfkomstige Hans_van_der_Kallen. Hy waard ferneamd mei syn boeken oer ynspekteur Carlier, better bekend as de Schaduw. Yn 1935 ferskynde it earste diel oer de avonturen fan de Schaduw en yn 1985 ferskynde diel 54.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)