Haulerwyksters oppakt yn Grins

07 okt 2012 - 11:17

De plysje fan Grins hat sneontenacht trije ynwenners fan Haulerwyk oppakt. Ien fan de trije goaide in fyts tsjin in winkelrút. Dat sneuvele dêrtroch. Doe't de plysje de man oanhâlde woe bemuoiden de oare twa har dermei. Dêrom waarden se alle trije meinaam nei it buro. It giet om twa Haulerwyksters fan 21 en ien fan 25 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)