Hattrick Bas Dost tsjin NEC

15 apr 2012 - 00:33

Yn in wedstriid mei twa totaal ferskillende gesichten hat SC Hearrenfean sneon de útwedstriid tsjin NEC mei 4-2 wûn. De ploech fan Ron Jans wie nei de blamaazje tsjin Ajax op syk nei earherstel, mar slagge dêr gjin momint yn. NEC wie yn de earste 45 minuten folle sterker en kaam fia Género Zeefuik twa kear ta skoaren.

Hoe oars wie de twadde helte. Fia in hattrick fan Bas Dost en yn de slotfaze in doelpunt fan Oussama Assaidi hâldt Hearrenfean streekrjochte pleatsing foar Europeesk fuotbal noch yn sicht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)