Hast wis: de wolf is werom

09 jul 2013 - 07:25
  • Grize wolf

It is foar 98% wis dat it bist dat ôfrûne freed fûn waard yn de Noardeastpolder in wolf is. Dat lit Naturalis yn Leiden nei ûndersyk witte. It soe gean om in wyfke fan tusken de 2 en 3 jier. Der wurdt noch fierder DNA-ûndersyk dien om hielendal wis te wêzen. It is neffens kenners in grutte ferrassing dat der in wolf sa tichtby Fryslân oantroffen is. De ferwachting wie dat dit pas oer in jier as 10 it gefal wêze soe.

Neffens John Melis fan Zoogdierenvereniging Friesland giet it om in ynsidint, om't der gjin tekens binne fan mear wolven.

De lêste kear dat der in wolf yn Nederlân sjoen waard, wie yn 1897 by it Brabânske Heeze. Yn Dútslân libje noch sa'n tweintich roedels yn it wyld. Ek yn Poalen, Itaalje, Frankryk, Spanje en Sweden komme wolven foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)