Hast helte fan toerisme-ûndernimmers is posityf oer 2015

17 nov 2015 - 11:42
  • Hylpen

Fjouwer op de tsien rekreaasje-ûndernimmers yn Fryslân ferwachtet dat 2015 in better jier foar harren is as 2014. Dat is de útkomst fan in stekproef fan de Recron, de oerkeppeljende organisaasje foar de rekreaasjebrânsj.

Benammen de multyfunksjonele bedriuwen dogge it nettsjinsteande de minne maaitiid goed. De tradisjonele kempings hawwe it dreger, aldus de Recron. De eigeners fan dy kempings hearre by de 27 prosint dy't 2015 as in minder jier belibje.

Recron-wurdfierder Petra Ellens en ûndernimmer Annelie Bleckman fan De Kuilart yn Koudum tinke dat der mear bûtenlanners nei Fryslân komme kinne troch in bettere marketing.

Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, it CBS, docht bliken dat der yn 2014 goed 300.000 bûtenlânske toeristen yn Fryslân west ha. Dat is 34.000 mear as yn 2013 en 70.000 mear as yn 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)