Hast gjin smog yn Fryslân

03 apr 2014 - 15:23
  • Mei mistich waar ûntstiet makliker smog

De luchtkwaliteit yn Fryslân is sa goed dat we hjir net safolle lêst ha fan smog. Dat seit Kees van Luijk fan it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu. It RIVM seit dat Nederlân op it stuit matige smog hat. Dat komt troch fersmoarging yn de loft en trochdat it net bot waait. Yn Fryslân is de loft net sa smoarch as bygelyks yn mear yndustriële gebieten, dus ha minsken der hjir minder lêst fan.

Yn Grut-Brittannië wurde minsken mei hert- en longproblemen warskôge om har net te bot yn te spannen.

Troch de smog soene sy earder sûnensproblemen krije kinne. Kommend wykein reitsje we fan de smog ôf, trochdat de wyn nei it westen draait en omdat der rein ferwachte wurdt. Dan wurdt de atmosfear skjinmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)