Hast 9500 kear #Frysk

19 apr 2013 - 14:24
  • Fryske Twitterdei

Der binne op de Fryske Twitterdei mei-inoar 9.403 tweets ferstjoerd mei hashtag #Frysk. De tweets kamen út mear as 25 lannen, fan Amearika oant Australië. De #Frysk is by sawat seis miljoen Twitterbrûkers ûnder eagen kaam en wie om tsien oere moarns al ien fan de meast beprutsen ûnderwerpen op Twitter.

Neist in soad bekende Friezen en BN-ers, diene dizze kear ek in protte bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei. De Fryske Twitterdei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk.

Doel is om drompels om it Frysk te brûken fuort te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)