Hast 50 man derút by VDM

12 feb 2014 - 15:35
  • Boubedriuw VDM is dwaande mei in trochstart

Sawat 50 fan de 142 minsken fan boubedriuw VDM yn Droegeham ferlieze har wurk. Dat hat kurator Geense woansdeitemoarn oan it personiel witte litten. Troch it weifallen fan opdrachten foar wenningkorporaasjes kaam VDM swier yn de problemen. In reorganisaasje sa't de fakbûnen earder noch opperen wie neffens de kurator gjin opsje. Der wie te min jild foar in sosjaal plan en boppedat soe in reorganisaasje tefolle tiid yn beslach nimme.

Under de nije namme VDM Woningen wurdt it wurk fan it boubedriuw sa gau as mooglik wer opstart.

De kommende dagen moat ek dúdlik wurde watfoar persoaniel mei kin yn de trochstart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)