Hast 4000 banen minder

27 des 2013 - 08:03

It tal betelle banen yn Fryslân is tusken april 2012 en april dit jier mei hast 4000 weromrûn. Dat docht bliken út sifers fan de provinsje Fryslân. It giet om banen fan op syn minst 15 oeren yn 'e wike. Benammen yn de bou rûn it tal banen flink werom, mar ek finansjele ynstellings, yndustry en ûnderwiis moasten wurkplakken skrasse. De delgong fan it tal banen is grutter as yn deselde perioade in jier earder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)