Hast 360 Fryske buerten dogge mei oan 'Burendag'

21 aug 2015 - 10:07

Foar de tsiende edysje fan Burendag, op sneon 26 septimber, hawwe har oant no ta hast 360 Fryske buerten opjûn. De measte oanmeldings komme fanút de gemeente Súdwest-Fryslân: dêr hawwe 46 buerten plannen makke foar de nasjonale Burendag.

It opknappen fan ferskate buertfoarsjennings is yn Fryslân de favorite aktiviteit op Burendag. Ek it dwaan fan spultsjes komt yn in soad plannen foar. Douwe Egberts organisearre yn 2006 de earste Burendag. Twa jier letter kaam it Oranjefonds derby as organisator.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)