Hast 27 graden yn Bakkefean: earste simmerske dei

11 maaie 2015 - 17:31
  • (argyffoto)

Fryslân belibbe moandei de earste simmerske dei. Yn Bakkefean klom it kwik op ta 26,9 graden, seit waarman Piet Paulusma. By in temperatuer fan 25 graden of heger is der sprake fan in simmerdei. In soad oare plakken yn Fryslân hellen de 25 graden krekt net. Sa waard it yn Grou 24,5 graden. Moandeitejûn bliuwt it lang waarm. Om 8 oere is is noch 16 oant 19 graden.

It bliuwt gjin waarm sinneskynwaar. Tiisdeitemoarn kâns op in pear buikes. Woansdei droech en op Himelfeartsdei komme de buien pas yn de jûntiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)