Hast 2000 krobben yn Fryslân

10 mrt 2010 - 21:14

Krobben (kevers) sitte leaver yn Limburch as yn Fryslân. Yn Fryslân libje in lytse 1900 krobben, yn Limburch wol 3500. Dat docht bliken út in grut krobbe-ûndersyk fan de Nederlânske Entomologyske feriening.

In groep fan 15 saakkundigen hat alle provinsjes trochwest om krobben te sykjen en te tellen. Sy fûnen fiif soarten dy't allinnich yn Fryslân foarkamen. De meast foarkommende krobbe is nei alle gedachten it Asiatyske ingeltsje (lieveheersbeestje).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)