Hast 2 miljoen foar Lânboumuseum

17 nov 2005 - 11:50

De provinsje Fryslân wol hast twa miljoen euro ynvestearje yn it nije Fryske lânboumuseum yn bûtenplak It Wiid yn Earnewâld.

It hiele projekt moat 4,8 miljoen euro kostje. It lânboumuseum lûkt no alle jierren sa'n 8.000 besikers. Op de nije lokaasje moatte dat der op termyn sa'n 45.000 wurde. Op 17 desimber prate de steaten oer de bydrage foar it nije lânboumuseum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)