Haskerhoarne hat eigen oplossing

11 nov 2004 - 11:54

Doarpsbelang Haskerhoarne hat in eigen plan makke om de ferkearssituaasje by de Jouster rotonde te ferbetterjen. De gemeente Skarsterlân wol dat it ferkearsplein plak makket foar in fiadukt en ek moat der in nij stik dyk komme, tichtby Haskerhoarne.

De ynwenners fan it doarp wolle lykwols in op- en ôfrit oan de noardkant fan de A7. Doarpsbelang presintearre it plan woansdeitejûn op in byienkomst yn it doarpshûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)