Hartwert kampioen Frysk damjen

17 jan 2010 - 15:10

It achttal dammers fan Hartwert is sneon oertsjûgjend kampioen wurden by it FK Frysk damjen foar klups. Dat dienen se troch alle trije wedstriden yn de kampioensklasse te winnen. It dreechste hienen se it tsjin Aldegea (W). Dy klup hat der dit seizoen in pear sterke spilers by krigen.

Hartwert koe lykwols stân hâlde en wûn mei 4.5-3.5. Yn de lêste omloop moasten de Hartwerters tsjin Skearnegoutum, de kampioen fan ferline jier. Dy waarden no ynmakke: 7.5-0.5.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)