Hartsuiker: yntegriteit skeind

18 nov 2013 - 12:19
  • Wethâlder Age Hartsuiker

Wethâlder Age Hartsuiker fan Gemeentebelangen Hearrenfean fielt him oantaast yn syn goede namme troch alle opskuor oer it útlekte mailferkear. Hartsuiker is kompleet fan slach, seit er. Hy sit foarearst thús om nei te tinken oer de kwestje.

De wethâlder waard ein ferline wike troch boargemaster Van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean frege om ôf te treden omt riedslid Tuithof fan Gemeentebelangen in gemeentlik stik nei de krante lekt hie. De boargemaster kaam dêrachter, neidat er ûndersyk dien hie nei de e-mail fan riedsleden.

Wethâlder Hartsuiker fynt it lekken fan Tuithof 'dom'. Hartsuiker hat oanjûn dat er nettsjinsteande de kwestje dochs fierder wol mei de polityk. Tuithof is fanwege de kwestje út Gemeentebelangen set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)