Hartsuiker nimt ûntslach

05 des 2013 - 11:07
  • Wethâlder Age Hartsuiker

Wethâlder Age Hartsuiker fan Gemeentebelangen Hearrenfean hat tongersdei syn ûntslachbrief tekene en ynlevere. Dat meldt Hartsuiker op twitter. Hy lit witte dat er no earst in time out nimt om alles wat de ôfrûne tiid barde in plakje te jaan en romte te meitsjen foar nije útdagings.

Hartsuiker waard yn novimber troch boargemaster Van der Zwan frege om ôf te treden, neidat riedslid Dirk Tuithof fan Gemeentebelangen in gemeentlik stik nei de krante lekt hie. De boargemaster kaam dêrachter nei ûndersyk yn de e-mail fan riedsleden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)