Hartoginne by Bilker op besite

15 jul 2011 - 10:46
  • Boargemaster Bearn BIlker

Boargemaster Bilker krijt nije wike de hartoginne fan Mecklenburg-Schwerin op besite. De prinsesse (92) is kunde fan de boargemaster. Bilker ûntfangt har op it bordes fan Westenstein, dat is it âlde diel fan it gemeentehûs fan Kollumerlân. De blaaskapel út Kollum sil it Mecklenburger-liet, it Frysk folksliet en it Wilhelmus spylje.

De hartoginne fan Mecklenburg-Schwerin is in nicht fan prinses Juliana. Se wie breidsfamke by it houlik fan Juliana mei prins Bernhard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)