Hartman nominearre ûndernimmer

06 nov 2008 - 17:16

Túnkersbedriuw Hartman fan Seisbierrum is nominearre foar de Ondernemersprijs 2009 fan de Stichting Tuinbouw Ondernemersprijs. Dy stifting hat as doel topbedriuwen yn de sektor yn de skynwerpers te setten.

De sjuery fan de Ondernemersprijs fynt Hartman in moai foarbyld fan hoe't in túnker gearwurkje kin mei in supermerk. Hartman leveret in soad oan Albert Hein. It Fryske bedriuw hat foar de priis konkurrinsje fan noch trije oare nominearden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)