Hartkamp freget generaal pardon

23 jan 2003 - 00:00

Boargemaster Hartkamp fan Snits hat yn in brief oan it regear om in generaal pardon frege foar asylsikers dy't al jierren yn Nederlân wenje. Hartkamp stipet dêrmei syn kollega Koek fan de gemeente Rheden.

Boargemasters wurde faak konfrontearre mei gefoelens fan ûnrjochtfeardigens en ûnmacht by boargers as útprosedearre asylsikers útset wurde. Foar dy groep moat in útsûndering makke wurde, sadat se yn Nederlân wenjen bliuwe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)