Hartkamp fan Snits mei pensjoen

23 jan 2003 - 00:00

Boargemaster Hartkamp fan Snits hâldt der mei op. Tiisdei liet Hartkamp de fraksjefoarsitters fan de politike partijen witte dat er yngeande 1 desimber mei pensioen giet om't er 8 novimber 65 wurdt.

Hartkamp is sûnt 17 july 1993 boargemaster fan de gemeente Snits. Dêrfoar wie er boargemaster fan Frjenstjerteradiel. Foarige wike hat Hartkamp de Keninginne frege him fan syn funksje te ûntslaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)