Harsenskodding foar Epke Zonderland

17 sep 2015 - 12:34
  • Epke Zonderland op it WK yn Antwerpen

Turnkampioen Epke Zonderland is fjouwer wiken ferlyn by in training fan de rekstôk fallen. Dêrby hat de regearend wrâld- en Olympysk kampioen in harsenskodding oprûn. Zonderland hat it de wiken dêrnei rêstich oan dien en pas dizze wike koe hy wer swierder traine.

Dit wykein stiet de turnynterlân tsjin België en Italië op it programma, mar dy lit Zonderland oan him foarby gean.

Zonderland hie earder in ûngelokje hân op it tastel brêge, dêrby hie hy syn tomme blessearre. Troch dizze blessuere hie hy minder grip en foel hy tidens in training fan de rekstôk.

Ein novimber begjint it WK turnjen yn Glasgow. Zonderland is as regearend wrâldkampioen ien fan de grutte favoriten op de rekstôk. Op 3 oktober stiet der opnij in ynterlân op it programma tsjin Wyt-Ruslân. Dy wedstriid wurdt sjoen as lêste test foar it WK yn Skotlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)