Harry Wiersma wint yn St Jabik

10 jan 2009 - 17:19

Harry Wiersma fan Blije wûn sneon de heale maraton rûnom Sint Jabik. Hy rûn de goed 21 kilometer yn in tiid fan 1.21,12. Dizze tiid hie rapper wêze kinnen, omdat de einstreek 300 meter te fier lei.

De wedstriid oer tsien Ingelske milen, 16,1 kilometer, waard op It Bilt wûn troch Klaas Kroese fan Skearnegoutum. Syn tiid wie 1.02,12. Simon van den Beukel út Bitgum wûn yn 41,23 de wedstriid oer alve kilometer. Der stiene mar 77 dielnimmers oan de start.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)