Harry Wiersma wint Lenteloop

19 apr 2008 - 17:55

Harry_Wiersma út Marrum hat yn Boalsert de Lenteloop fan 15 km wûn. Favoryt Erik_Negerman út Hilversum rûn ferkeard en kaam net oer de finish. Wiersma kaam oer de streek yn in tiid fan 58 minuten en 48 sekonden. Harman_Jorritsma kaam 48 tellen letter as twadde binnen.

Hella_Yntema fan Boalsert wûn by de froulju de 10,2 kilometer yn 44,52. Twadde waard stedsgenoate Hester Groenveld. Ferline jier wiene der 50 dielnimmers en no mar leafst 150.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)