Harry Verbeke ferstoarn

28 jan 2004 - 00:00

Yn syn wenplak Haarlem is de ferneamde jazzmuzikant Harry Verbeke ferstoarn. Verbeke waard yn 1923 yn Ljouwert berne en ferhuze yn 1950 nei Haarlem. Yn de jierren fyftich en sechstich hie er súkses mei The Diamond Five en de Bigband fan Boy Edgar. Verbeke krige dêrfoar twa Edisons en yn 1968 krige de âld-Ljouwerter de Wessel Ilckenpriis.

Syn ûnderwilens ek al ferstoarne broer Joop Verbeke wie ek in bekende jazzmuzikant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)