Harry Potter-nacht yn Ljouwert

21 jun 2003 - 00:00

Moannenlang ha de fans der op wachte: it nijste Harry Potter-boek. Goed 40 fans ha yn de nacht nei sneon in eksimplaar kocht fan it Ingelsktalige 'The order of the Phoenix'.

By boekhannel Van der Velde yn Ljouwert wie in Harry Potter-nacht. Om 01.00 oere mocht it boek offisjeel ferkocht wurde. De Harry Potter-nacht luts foaral âlderen en studinten. It duorret noch in skoft foar't it Nederlânske boek út komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)