Harry Muskee wie 'grut artyst'

27 sep 2011 - 11:10

In grut artyst is hinnegien. Dat is de reaksje fan Gerard van Klaveren op it ferstjerren moandei fan Harry Muskee. Van Klaveren, boargemaster fan Weststellingwerf, is oprjochter en foarsitter fan de Stichting tot behoud van het cultureel erfgoed van Harry Muskee. Hy wie ek inisjatyfnimmer fan in stânbyld fan Muskee yn Grolloo.

Trije wike ferlyn wie Van Klaveren noch op besite by de sjonger fan Cuby & the Blizzards yn Rolde. Harry (Cuby) Muskee hie leverkanker. Hy wie 70 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)