Harry Been nei Sportstêd

23 des 2011 - 16:00

Sportstêd Hearrenfean krijt in folslein nije ried fan kommissarissen. De sittende kommissarissen Hans Feenstra, Bart van der Meer en Frits Migchelbrink lizze yn de rin fan takom jier harren funksje del. Harry Been fan de KNVB wurdt de nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Sportstêd.

Been hat as toernoaidirekteur belutsen west by de organisaasje fan in tal grutte fuotbaltoernoaien lykas it Europeesk Kampioenskip dat yn 2000 yn Nederlân en België organisearre waard en it EK ûnder de 21.

Oare nije leden binne Erik Kuik, lid fan de ried fan bestjoer fan Talant, en âld-direkteur Fedde Pronk fan de Rabobank Hearrenfean/De Gordyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)