Harnzers wurde persoanlik útnoege foar flechtlingejûn

05 nov 2015 - 16:44
  • De eardere opfanglokaasje yn de Waddenhal yn Harns

Ynwenners fan Harns krije in persoanlike útnoeging foar de ynformaasjejûn oer de opfang fan flechtlingen. Allinnich mei de útnoeging en in identiteitsbewiis kinne minsken deryn. In pear wike lyn soe ek al sa'n jûn hâlden wurde, mar doe koene plysje en gemeente de feilichheid net garandearje en is de jûn ôfblaasd.

Troch de persoanlike útnoeging giet de gemeente derfan út dat de jûn no wol trochgean kin. It is de bedoeling dat der in ynformeel petear plakfynt oer de miening fan de ynwenners oer de opfang. De jûn is op 17 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)