Harnzers oanhâlden foar geweld

27 apr 2009 - 10:23

Trije Harnzers fan 20, 22 en 42 jier binne sneintejûn oanhâlden foar iepenlike geweldpleging. Sy giene mei in groepke nei it hûs fan in stedsgenoat. Dêr waard in rút fan 'e wenning ynslein mei in hockeystick.

Doe't de plysje en de maresjesee der oankaam, troffen se in groep razende minsken oan. De trije fertochten moasten mei nei it buro. De hockeystick en in mes binne yn beslach naam. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht fan de rúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)