Harnzers mei auto oer de kop

13 aug 2014 - 20:57
  • Plysje

By in ûngelok yn Sleen (Drinte) is in gesin út Harns woansdei mei de skrik frijkommen. It gesin botste op in oare auto, nei alle gedachten troch in foarrangsfout fan ien fan de beide bestjoerders. De auto fan de Harnzers sloech oer de kop. De man en de frou en de beide bern binne yn de ambulânse oan lichte ferwûnings behannele en ferfolgens nei harren fakânsje-adres brocht. Ek de bestjoerder fan de oare auto kaam mei de skrik frij.

In part fan de dyk hat twa oeren ticht west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)