Harnzers fiskje op ôffal

15 apr 2011 - 16:13

Der wurdt hieltyd mear ôffal út see troch fiskers oprêden. Freedtemiddei waarden yn Harns alve nije fiskersboaten sertifisearre. Sy sille meidwaan oan de oprom-aksje Fishing for Litter.

81 boaten helje alle jierren 300 ton ôffal út de Noard- en Waadsee. Fiskers wurkje graach mei, no't der foar soarge wurdt dat it ôffal fan de steigers nei konteners brocht wurdt. Fan de havenstêden dy't meidogge liket Harns it measte ôffal op te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)