Harnzers fine toerisme wichtich

08 apr 2015 - 22:55
  • De haven fan Harns

De gemeenteried fan Harns en syn ynwenners wolle dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders har ynsetten bliuwt foar it toerisme en de ûndernimmers yn de havenstêd. Dêrneist moat de gemeente net besunigje op it sosjaal belied. Ien en oar docht bliken út trije diskusjebyienkomsten dy't yn Harns west ha oer de taken fan de gemeente.

De útkomsten sille troch it kolleezje fan b. en w.meinommen wurde by meitsjen fan de nije begrutting. De opkomst fan publyk wie by de earste byienkomst grut, by de twadde en tredde wie de animo lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)