Harnzer ûntflechtet Soedan

12 maaie 2007 - 13:32

De Harnzer Hildebrand Bijleveld is freed weromkaam út Soedan, dêr't er ûnterjochte fêstsitten hat op fertinking fan fraude. De âld-sjoernalist fan it Frysk Deiblêd en de EO wurket al jierren yn it Afrikaanske lân foar mediaprojekten.

Bijleveld rjochte yn Soedan de ûnôfhinklike krante The Juba Post op. Hy fertocht in meiwurker fan de krante derfan jild achteroer drukt te hawwen, mar waard doe sels oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)