Harnzer troch geweld omkommen

23 maaie 2013 - 10:16
  • It ûndersyk by it hús dêr't de deade man fûn is.
  • It ûndersyk fan de technyske resjerzje yn Harns

De 34-jierrige man dy't dea fûn waard yn syn hûs yn Harns is troch geweld om it libben kaam. Dat hat bliken dien út seksje. De man waard moandeitenacht fûn yn syn hûs oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte. De plysje hat koart dêrnei trije minsken oanhâlden, twa manlju út Harns en in frou út Makkum. Sy sitte noch fêst, omdat se fertocht wurde fan belutsenheid by it misdriuw. Wat him krekt ôfspile hat, is noch net dúdlik. De plysje wurket mei tweintich man oan de saak.

De trije fertochten wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslút oft se fêstsitten bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)