Harnzer trije kear bekeurd

26 jul 2014 - 11:02

In Harnzer hat freedtenacht op Midslân trije bekeuringen krigen. De 20-jierrige man wie út ferskate Skylger hoarekagelegenheden stjoerd om't er ferfelend die. Op strjitte koe de man him noch net ynhâlde. Doe't de man tsjin in gevel fan in wenning oanpisse, skreau de plysje in proses-ferbaal út. Ek dêrnei gie de dronken Harnzer troch mei it feroarsaakjen fan oerlêst en waard er bekeurd foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Doe't er nochris op strjitte pisse, hie er de tredde boete oan de broek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)