Harnzer slûs noch net makke

22 jan 2007 - 15:55

De Tjerk Hiddes-slûs yn Harns sil pas oan de ein fan de wike wer hielendal makke wêze. Op dit stuit is Wetterskip Fryslân dwaande mei de tariedings fan de reparaasje.

Ofrûne sneon bruts de ophinging fan ien fan de bûtenste doarren ôf, doe't de brêgewipper de slûs wer tichtdwaan woe neidat er in skip delgong wie. De rest fan de dei waard de slûs ôfsetten foar alle ferkear. Moandei wiene de tariedings foar de reperaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)