Harnzer skippers lulk

14 des 2008 - 12:27

Harnzer skippers dy´t har skip yn de Súdeastersingel en de Frjentsjertertrekfeart lizzen ha, binne lulk op de gemeente Harns. Dy hat it lisjild mei yngong fan takom jier mei 300 persint ferhege. Dat giet de Harnzers fierste mâl.

De gemeente seit lykwols dat der in soad jild stutsen is yn it opknappen fan de feart en de singel. Der mei no dus in ferlykber taryf hantearre wurde mei oare passantehavens yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)