Harnzer skip botst yn Dútslân

03 mrt 2013 - 10:56
  • Kontainerskip Empire rekke swier skansearre

It kontainerskip Empire fan de Harnzer rederij JR Shipping, is sneontejûn by de yngong fan it Nord-Ostsee-Kanal yn it Dútse Brunsbüttel op in oar kontainerskip botst. Dat barde yn swiere mist. Troch de klap binne trije kontainers oerboard slein. Der rekke net ien ferwûne, de Empire hat wol in soad skea oprûn.

Troch de oanfarring hat it Nord-Ostsee-Kanal in skoft stremd west. Lytsere skippen koene wol trochfarre, mar santjin grutte skippen moasten wachtsje.

Sneintemiddei is it Nord-Ostsee-Kanal werd frijjûn foar it skipferkear. De sonken konteners binne mei help fan bokken wer út it wetter fiske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)