Harnzer rydt tsjin betonblok

23 des 2013 - 10:39

De plysje hat sneintenacht by Kimswert it rydbewiis fan in Harnzer (29) ynfoardere. De man wie yn de bocht fan de ôfrit fan autodyk N31 de macht oer it stjoer ferlern, wêrnei't er mei de auto op in betonblok botste. De bestjoerder hie tefolle drank hân. Hy waard troch de plysje oerbrocht nei it plysjeburo foar azemanalyze. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. Hy krige ek in rydferbod. Syn auto rekke troch de oanriding total loss.

In Drachtster (35) is snein op de Fjouwerhústerwei yn Surhústerfean mei de auto op in beam botst.

Neffens de Drachtster rekke er op de rotonde mei syn auto yn in slip en rekke er dêrby de beam. De man is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Ut bloedûndersyk moat noch bliken dwaan hoefolle de man krekt dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)